Njoggen moanne sel easke tsjin Ljouwerter om berneporno

15 jul 2016 - 15:32

Tsjin in 40-jierrige man út Ljouwert hat de offisier fan justysje yn 'e rjochtbank fan Grins njoggen moanne sel easke, wêrfan seis ûnder betingst, fanwege it besit fan berneporno. Ek moat de man in wurkstraf fan 240 oeren útfiere. Op syn kompjûters en hurde skiven hie er mei elkoar 641 foto's en 354 films mei berneporno stean. Dat hie er sammele tusken begjin 2014 en april 2015.

De plysje wie de man op it spoar kaam fia in Brabânske freon mei wa't er berneporno útwiksele. De offisier fan justysje fynt dat er meiwurkje moat oan helpferliening by de reklassearring en dat er syn kompjûter kontrolearje litte moat. De advokaat fan de man pleite foar in legere straf. Hy bestride dat de man in gewoante makke hie fan it binnen heljen fan foto's en filmkes mei berneporno. De útspraak is oer twa wiken.

Trefwurden: 
berneporno rjochtbank sel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)