Nije rânewei yn Akkrum iepene

15 jul 2016 - 15:17

De nije rânewei yn Akkrum is freed nei jierren fan tarieding iepene. De oanlis fan de dyk mei in brêge moat foarkomme dat benammen it grutte ferkear net mear troch it doarp sels hinne rydt. It plan foar in rânewei mei in brêge lei der al jierren, mar dêr koe de eardere gemeente Boarnsterhim finansjeel net oan foldwaan. No't it doarp ûnder de gemeente Hearrenfean falt, is it plan dochs úteinset.

Troch de nije Polsleatbrêge binne de noard- en súdkant fan de dyk mei-inoar ferbûn. Mear as hûndert doarpelingen kamen freedtemoarn nei de offisjele iepening. Sa ek ynwenner Jan de Wit. Hy wennet hast syn hiele libben al yn it doarp en hat wol 58 jier op dit momint wachte.

Te smel

Dochs is hy noch net hielendal tefreden. ''De brêge is te smel. No kin der noch gjin ferkear tagelyk del. Dêrtroch ûntstean der files yn it doarp'', sa seit De Wit.

Goed neitocht

Wethâlder Siebren Siebenga fan de gemeente Hearrenfean is dat net mei him iens. Neffens him is der goed oer de nije brêge neitocht en moat it ferkear der boppedat net te hurd oerhinne ride. De kommende tiid wurdt der goed sjoen nei hoe't no mei it ferkear yn Akkrum rinne sil.

Frachtferkear

Sa is it no noch net ferplicht om it grutte frachtferkear allinnich mar oer de nije rânewei ride te litten. As der yn de takomst dochs problemen ûntstean en it foar de ynwenners net dúdlik is hoe't je ride moatte, dan pas wurde der ferkearsbuorden pleatst, sa seit Siebenga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)