PvdA wol mear útlis oer mooglike misstannen Sintrale As

By it wurk oan de Sintrale As wiene problemen mei it útbeteljen © Omrop Fryslân, Robea Kleisma
De steatefraksje fan de PvdA wol in dúdliker antwurd fan deputearre Sietske Poepjes oer de oanpak fan mooglike misstannen by de oanlis fan de Sintrale As. De partij fynt de antwurden dy't se oant no ta jûn hat, net goed genôch. De PvdA wol fan de deputearre witte hoe't it kin dat der wer misstannen konstatearre binne en wat der dien wurdt om dy op te lossen.
It fakbûn FNV sei de ôfrûne moanne dat wurknimmers by de oanlis fan de Sintrale As struktureel ûnderbetelle wurde en dat meardere wurkjouwers net foldogge oan de CAO. De PvdA wol in goed, yngeand ûndersyk.