Skippersportret: Siete Ezn. Meeter

17 jul 2016 - 06:40

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Oer trettjin dagen begjint it SKS skûtsjesilen, trije wike lang stride de ferskate skûtsjeskippers tsjininoar op de Fryske marren. Wa wurdt de opfolger fan De Jouwer? Yn de oanrin nei de earste silerij op 30 july by Grou, lizze wy alle skûtsjeskippers fan dit seizoen in pear fragen foar. As twadde Siete Ezn. Meeter.

Siete Ezn. Meeter is de skipper fan it Ljouwerter skûtsje ‘Rienk Ulbesz’. Mei Siete oan it roer is de sirkel wer rûn, want yn 1964 wie pake Siete de earste skipper op it Ljouwerter skûtsje. Siete Ezn. Meeter sels is sûnt 2013 skipper yn de SKS en waard tsiende ôfrûne seizoen. Wy lizze him fiif fragen foar:

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Mear as fiifentritich jier lyn wie myn earste taak op it skûtsje ranjajonge.”

Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
“Dat is de wedstriid dêr’t ik foar de alderearste kear ynfalle moast foar ús heit. Dat wie yn 1991 by de SKS, ik wie twaentweintich. Dat jier bin ik doe twa kear tredde wurden. “

Hoe makkest fan de bemanning in team?
“In team ûntstiet troch mei-inoar op te lûken, te sporten, te silen en troch putsjes te dwaan oan it skûtsje. Op it skûtsje binne alle funksjes wichtich, oftst no skipper bist of pylder, je binne pas in team wannear’t elkenien inoar yn syn wearde lit en respektearret. Wy hawwe inoar nedich om kampioen te wurden. Dêrneist is it wichtich om in balâns te finen tusken it skûtsjesilen en de fakânsje. Dat soarget derfoar dat elkenien derfoar giet.”

Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
“Fakânsje? Wat is dat?”

Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
“Soe dat útsûnderlik wêze. Einigje yn it earste rychje liket ús it meast helbere.”

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier en alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op de Simmer yn Fryslân-side.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)