Sa Leuk Hûs: net bekend wannear't bewenners werom kinne

It is noch net dúdlik hoe't it fierder moat mei Sa Leuk Hûs, it opfanghûs foar minsken mei in beheining yn Gytsjerk. It monumintale gebou waard fannacht troffen troch in grutte brân dy't it wenhûs oan de foarkant foar in grut part yn de jiske lei. De efterlizzende apparteminten foar de seis bewenners koenen behâlden bliuwe. Mar it is noch ûndúdlik wannear't dy der wer yn kinne. Foar de bewenners is wol opfang beskikber as it moandei net slagget.