Skippersportret: Dirk Jan Reijenga

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Mei it SKS skûtsjesilen stride fjirtjin skûtsjeskippers twa wiken lang tsjin inoar op de Fryske marren. Mar oer wa hawwe wy it dan eins en hoe pakke sy de silerij oan? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed Dirk Jan Reijenga.
Yn 2015 wie hy de grutte kampioen: skipper Dirk Jan Reijenga. Mei de ‘Oeral Thús’, it skûtsje fan De Jouwer, behelle hy yn 2015 it earste plak. Reijenga is al sûnt 2007 skipper fan de ‘Oeral Thús’. Wy lizze him fjouwer fragen foar: :
Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Myn earste taak oan board krige ik as alvejierrich jonkje. Ik mocht as ‘ketelbinkie’ mei yn de roef fan it Lemster Skûtsje, ús heit wie dêr doe skipper. As alvejierrich jonkje wie dat fansels ien grut aventoer.”
Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
“De wedstriid dy’t my it meast bybleaun is, is dy fan myn earste oerwinning as skipper fan de ‘Oeral Thús’. Dat wie yn 2009 wilens de wedstriid op De Feanhoop. Dat jout sa’n bysûnder gefoel, dat ferjitst nea wer.”
Hoe makkest fan de bemanning in team?
“In team meitsje wy troch in soad te trainen en alle wedstriden dy’t der foar de SKS skûtsjes organisearre wurde mei te silen.”
Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
“It Karibyske gebiet foar it hearlike klimaat, de ‘relaxte’ sfear en de prachtige ûnderwetterwrâld.”
Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier. Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.