It Swarte Goud op ynternasjonaal filmfestival New York

15 jul 2016 - 13:11

De dokumintêrerige It Swarte Goud is selektearre foar it Equus International Film Festival yn New York. Dat is in festival foar films oer hynders en fynt plak yn novimber. Yn It Swarte Goud besiket programmamakker Piter Tjeerdsma antwurd te krijen op de fraach wêrom't it Fryske hynder sa populêr is oer de hiele wrâld.

De rige It Swarte Goud fertelt oer de skiednis, de takomst en it súkses fan it Fryske hynder. De dokumintêrerige wie ûnder oare te sjen by Omrop Fryslân. Besjoch hjirûnder de earste ôflevering fan It Swarte Goud:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)