Fanfare Joost Wiersma kampioen

29 apr 2012 - 02:07

By de Iepen Nederlânske Fanfare kampioenskippen, dit wykein yn De Lawei fan Drachten, is fanfare Joost Wiersma kampioen wurden yn de 1e divyzje mei 92 punten. It orkest stiet ûnder lieding fan Ido Gerard Kempenaar en komt út Jistrum. Yn de 2e divyzje gong de winst nei fanfare Excelsior fan Skraard ûnder lieding fan Thom Zigterman.

Ek de 3e divyzje hie in Fryske winner en dat wie fanfare Hallelujah fan Eanjum. Yn de 4e divyzje wie de winst foar De Bazuin fan Stynsgea en de 5e divyzje waard wûn troch Crescendo fan Hijum-Feinsum.

Sneintejûn om 6 oere binne de alle winners te hearren yn Muzyk Maskelyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)