Bern brekke yn by supermerk yn Earnewâld

15 jul 2016 - 11:31
  • De supermerk fan Earnewâld

De plysje hat tongersdeitenacht trije bern oppakt om't se ynbrutsen hiene yn in supermerk oan de Wiidswei yn Earnewâld. It giet om in jonge en in famke fan 13 jier en in jonge fan 15 jier út Dútslân. Se hiene it rút fan in skodoar mei stiennen folslein fernield en in partij sigaretten stellen. De trije dieders naaiden út yn in boatsje en koene op oanwizing fan in tsjûge oanholden wurde oan de Piet Miedemawei. Dêr hiene se har ferstoppe op de boaiem fan it boatsje. De sigaretten binne oantroffen yn it boatsje.

De begelieders fan de bern binne op 'e hichte brocht fan it ynsidint. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)