Kollum: "Weduwe Joustra"

15 jul 2016 - 10:20
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.
 

"Anjenette Joustra-Reinders út Snits is in kordaat typ. Har man Steven, in hanneler yn wyn, is ferstoarn en dus moast de widdo wat betinke om jild te fertsjinjen. It is it jier 1864. Rûn dizze tiid wurkje mar in lyts bytsje fan de froulju bûtendoar. Froulju út legere klassen dogge húshâldlik wurk of binne naaister. De wat rikere froulju dogge oan keunst, skriuwwurk of goeddiedigens. Aletta Jacobs sil in pear jier letter begjinne mei studearjen, as earste frou oait en dokter wurde, yn 1871.

Anjenette bliuwt ek net stil sitten. Se strûpt de mouwen op. Se moat ek wol. Se hat bern om foar te soargjen. Har hûs oan it Kleinzand yn Snits leit oan it wetter en dêrtroch komt se yn kontakt mei skippers en de bemanning dy't op skûtsjes troch de grêften farre. Se komt ek yn kontakt mei de drank dy't se drinke. Bearenburch, neamd nei de betinker. Se nimt in beslút. Dizze Anjenette giet net yn de kost by ien oft oar ryk gesin om jild te fertsjinjen, nee se wurdt drankstoker.

Se betinkt it drankje net sels. Se hat it ôfsjoen fan Hendrik Beerenburg, in krûdedokter út Amsterdam. Fan him komme de pakketsjes mei krûden dy't de skipperslju op de skûtsjes mei jenever drinke en fan him keapet se, as ik it goed ha, it resept. It is dizze Hendrik dy't yn de santjinde iuw de bearenburch útfynt.

It is in hielsum krûdedrankje. Der sitte yn it mingsel fan Hendrik wol 25 krûden sa as prikswiethout, jeneverbeien, laurier en tûzengûnekrûd. Seker witte we it net, want it resept bliuwt geheim. Yn de bysluter stiet dat it 'oprechte maagkruiden' binne. It alkoholpersintaazje is flink, 30%. Sil ek wol in reden wêze dat je kwalen der fan oer geane. Sa begjint Anjenette Joustra har eigen drankstokerij: Weduwe Joustra Beerenburg.

We binne no mear as 150 jier letter en Weduwe Joustra is noch hieltyd op 'e merk. Dat hat dizze mem dochs mar efkes foar elkoar krigen. Har oer-oer-oerbeppesizzer Heleen Sonnenberg, net trochinoar te heljen mei Sonnema, stiet hjoed-de-dei oan it roer. Mar nei seis generaasjes is it wurk fan dizze oer-, oer-, oerbeppe yn gefaar. Trochdat jeneverstoker Dirkzwager fallyt is, oait ien fan de grutste drankûndernimmings fan ús lân, sit Weduwe Joustra ek yn swier waar. Dirkzwager kocht yn 1981 nammentlik de oandielen fan Weduwe Joustra.

Minsken hâlde fan famyljebedriuwen mei in moai ferhaal. De oer-oer-oerbeppesizzer fan Anjenette Joustra hat nammentlik al tûzenen berjochtsjes fan stipe krigen sûnt bekend waard dat se yn swierrichheden sitte. Sa bringt min nijs ek aardige dingen mei him mei: fan 'e wike is bygelyks de hiele winkel leechkocht troch in studinteferiening as ludike aksje. Ek op twitter sjoch ik minsken yn hiel Nederlân stipe betsjûgjen.

Ik ha hoop foar Weduwe Joustra. Yn alle gefallen stean de keapers al yn de rige. En minsken drinke graach in gleske bearenburch nei it reedriden of nei in dei op it wetter, ha ik fernaam út in lyts rûnfraachje. No wurdt it wat lestich mei it reedriden de lêste jierren mar it is simmerfakânsje en it wurdt fêst wer drokker as oait op de marren yn Fryslân. Nei in dei op it wetter in gleske Weduwe Joustra, in prima tradysje. En it helpt ek as je minnichjes binne. Fan it geklots. Of fan de sûne Fryske loft. Om mei de Weduwe te sprekken: it is op it lêst ferstannich om wat fan it medisyn te nimmen foardat je heal tinke heal te wurden."

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)