Grutte brân yn Gytsjerk

15 jul 2016 - 03:43
  • Brân by it Sa leuk Hûs yn Gytsjerk 15/07/2016

In útslaande brân hat fannacht de buorkerij Sa Leuk Hûs oan de Canterlandseweg yn Gytsjerk foar in grut part yn de jiske lein. It monumintale gebou is yn gebrûk as opfanghûs en aktiviteitesintrum foar jongeren mei in ferstanlike beheining. Ek sit der in teehûs yn. Op it momint fan de brân wienen der seis bewenners en in begeliedster yn de âlde buorkerij oanwêzich. Sy kamen allegearre mei de skrik frij en binne opfongen yn in wenning der flak tsjinoer.

De brân ûntstie rûn ien oere fannacht. Wat de oarsaak is en wêr't de brân begûn is wurdt noch ûndersocht. Om likernôch healwei trijen waard it sein brân meester jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)