Ried fan kommissarissen by Caparis stapt op

14 jul 2016 - 23:05

De ried fan kommissarissen fan Caparis (Robert Veenstra, Siem Jansen en Hugo van Woerden) hawwe tongersdeitejûn harren posysje beskikber steld. Hjirmei komt in ein oan in perioade fan ûndúdlikens oer de posysje fan dy rfk.

De oandielhâlders hawwe akseptearre dat de sitten fan de rfk beskikber steld wurde, mar wolle net dat der in fakuüm ûntstiet. Se hawwe de kommissarissen dan ek frege om earst oan te bliuwen, mar dy perioade moat sa koart mooglik wêze. Der moat sa gau mooglik begongen wurde mei it sykjen nei nije kommissarissen.

It stribjen is om de nije rfk sa gau mooglik te beneamen. De oandielhâlders roppe dêrneist alle belutsenen op om de ynterim-direkteur Lincklaen Arriëns de gelegenheid te jaan rêst te bringen, ferbinings te sykjen en it fertrouwen te herstellen.

Oant no ta fûnen de gemeenten Hearrenfean en Smellingerlân dat de rfk opstappe moast, mar no fine de oare seis gemeenten dat ek. De ferlerne saak oangeande direkteur Klaas Weissenbach wie in brekpunt. Yn dy rjochtsaak hat de rfk sein dat se net mei him gearwurkje woene en opstappe soene as hy winne soe en dat barde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)