Elma de Vries wint finale KNSB Maraton Cup skeelerjen

14 jul 2016 - 22:18
  • Elma de Vries

Elma de Vries fan De Haule wûn tongersdeitejûn yn it Harde de finale fan de KNSB Maraton Cup skeelerjen. Dat meldt schaatsen.nl. Se bleau Irene Schouten en Lisa van der Geest foar. Schouten kaam wol as earste oer de streek, mar makke yn it sprintduel mei Elma de Vries in flater. Se ried har hast de stekken yn. De Vries kaam mei de hannen omheech as twadde oer de streek, mar it wie dúdlik dat Schouten diskwalifisearre wurde soe.

Terjochte, sa sei Elma de Vries: ''Ik kwam met meer snelheid van achteren en dan voel je dat je er langs gaat. Maar dat kon dus niet omdat Irene van haar lijn week.'' Schouten die der ek net yngewikkeld oer. ''Terechte declassering'', joech se ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)