Flechtlingen komme yn 'e kunde mei fierljeppen

Flechtlingen sille freedtemiddei yn 'e kunde komme mei it fierljeppen. Se dogge dat yn it ramt fan in ôfstudearprojekt fan NHL-studint Patrick Klijn. Se begjinne yn de seal fan de Rengershal yn Ljouwert, mar sille letter ek nei de echte skânsen fan Winsum en It Heidenskip.
Doel fan Klijn is om in sportive ferbining te meitsjen tusken de flechtlingen en de ynwenners fan Fryslân.