Weduwe Joustra praat mei oernamekandidaten

14 jul 2016 - 21:31
  • Heleen Sonnenberg fan Weduwe Joustra
  • It gebou fan Weduwe Joustra yn Snits

It famyljebedriuw Weduwe Joustra yn Snits is yn petear mei ferskillende oernamekandidaten. Neffens direkteur Heleen Sonnenberg kin nije wike bekend makke wurde wa't it bedriuw oernimme sil. Dêroer wurdt drok oerlein mei de kurator en de bedriuwsjurist.

Nei it nijs fan ferline wike dat de oandielhâlder Dirkzwager fallyt gien wie, bedarre it bedriuw neffens Sonnenberg yn in achtbaan. Se krigen in hiel soad reaksjes út it hiele lân. Neffens Sonnenberg rûkt de winkel op dit stuit mear nei blommen as nei bearenburch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)