Alle ynfo oer Frjentsjer op ien rekreaasjekaart

14 jul 2016 - 21:26
  • De earste wetterrekreaasjekaart wurdt útjûn

Yn Frjentsjer is de earste wetterrekreaasjekaart útrikt. Op dy kaart stean behalve alle nije oanlisplakken en wettersportfoarsjennings ek de farrûtes en de hichtes fan de brêgen. Mar ek de toeristyske ynformaasje oer Frjentsjer hat in plak krigen op de nije kaart. Dêrmei wol men wetterrekreanten stimulearje om in pear dagen yn Frjentsjer te bliuwen.

De kaart is ûntwikkele as ûnderdiel fan it projekt Franeker Waddenpoort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)