SC Hearrenfean wint oefenwedstriid tsjin FC Oss mei 5-1

Pelle van Amersfoort skoart 1-0 tsjin FC Oss © Neeke Smit
SC Hearrenfean hat ek syn fjirde oefenwedstriid wûn. Op Skylge wûnen de mannen fan trainer Jurgen Streppel mei 5-1 fan FC Oss. Nei in goed healoere makke Pelle van Amersfoort de 1-0. Efkes letter skoarde Van Amersfoort wer. Hy kopte in moaie foarset fan Caner Cavlan yn.
Yn de twadde helte makke Simon Thern syn rentree nei 8 moannen blessearre west te hawwen. Hy kaam yn it fjild foar Morten Thorsby. Flak dêrnei kaam Hearrenfean op 3-0. Luka Zahovic skeat de bal efter de keeper fan FC Oss.
Thern joech syn rentree ekstra kleur troch út in penalty de 4-0 te meitsjen. Op 'e ein soarge Reza Goochannejhad foar de 5-0, wêrnei Istvan Bakx de earetreffer foar FC Oss noch makke.