Kringloop De Wissel yn Dokkum krijt kleansortearsintrum

14 jul 2016 - 20:53

Kringloopwinkel De Wissel yn Dokkum sil in kleansortearsintrum opsette. Dat wurdt dien mei Omrin en de gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel. Belangrykste reden foar it nije inisjatyf is de wurkgelegenheid dy't it opsmite sil.

It sortearsintrum krijt neist klean út de eigen gemeenten ek oanfier út de omjouwing. Omrin bringt de ynhâld fan de kleankonteners ek by De Wissel. Neist mear wurkgelegenheid komt der sa in breder oanbod fan twaddehânsk klean. It nije sortearsintum giet oan de ein fan dit jier los.

Wethâlders Pytsje de Graaf en Gerben Wiersma binne wiis mei it inisjatyf: "We binne bliid dat we op dizze wize ekstra wurkgelegenheid kreëarje kinne yn ús eigen regio en ek wer in stientsje bydrage oan de duorsumensdoelstellingen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)