UPDATE: Kolleezje Achtkarspelen falt nei PvdA-moasje

It kolleezje fan Achtkarspelen is útelkoar klapt. Tongersdeitejûn waard de moasje fan de PvdA om it fertrouwen yn de trije wethâlders op te sizzen oannommen. De stimferhâlding wie 11 stimmen foar (PvdA, ChristenUnie en CDA) en 10 stimmen tsjin (FNP, GBA en VVD).
De wethâlders Van der Veen (FNP), Postma (PvdA) en De Haan (GBA) akseptearje de strekking fan de moasje en sille de kommende fjouwer wike de rinnende saken ôfhannelje. Polityk gefoelige saken wurde net mear behannele.
Boargemaster Gerbrandy rôp de ried op om sa gau mooglik te begjinnen oan de foarming fan in nije koälysje.
Moandei stapte de PvdA-fraksje út it kolleezje. Se fielden har "yn 'e sek naaid" troch koälysjepartner FNP. De reden foar it opstappen fan de fraksje út de koälysje is dat de FNP achter de rêch fan de PvdA om in moasje yntsjinne hat oer de ferdieling fan jild. De ynhâld fan dy moasje is mei alle partijen oerlein, mar net mei de koälysjegenoat.
De FNP naam it inisjatyf ta in moasje om 510.000 euro yn it jier út it oerskot fan it sosjale domein te heljen en te brûken foar oare doelen, sa as de grienfoarsjenning en pjutteboartersplakken.