Iepening Snitswike wurdt ferpleatst nei Theater Sneek

De iepening fan de Snitswike is dit jier net mear yn de stedstún fan it stedhûs. Dat makke de organisaasje dúdlik op in spesjale parsekonferinsje oer de 81e edysje fan it evenemint. De iepening ferhuzet nei it Theater Sneek. Dat past better as de stedstún dy't brûkt waard foar it festival Garden of Dance, sa seit de organisaasje.
Ferline jier fierde de Snitswike noch it 80-jierrich jubileum fan it evenemint, mar ek dit jier hat de organisaasje wat te fieren: De Koninklijke Watersportvereniging Sneek bestiet 165 jier.
Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân sei mei klam dat Snits wer in 'tige grutte útdaging' te wachtsjen stiet. Dochs buorket de stêd der goed op foarút troch de Snitswike. Dit jier is it de stêd slagge om 22 nije ûndernimmers te lûken, troch it saneamde 'binnenstadsmanagement'.
Jûns binne der tradisjoneel wer in soad ferneamde artysten te finen op de spesjaal ynrjochte muzykpleinen yn de stêd. Under oaren DJ La Fuente, Vato Gonzalez, Jelle B, Syb van der Ploeg, Ronnie Flex, Johannes Rypma, Vangrail en The Partysquad sille optrede. It Martiniplein is wer it plak foar de merke. Ek dit jier komt der wer in slotkonsert.
De Snitswike is dit jier fan freed 5 oant snein 14 augustus.