Soad belangstelling foar nije digitale lesmetoade Frysk

14 jul 2016 - 19:40
  • Fryske flagge

Foar de nije digitale lesmetoade foar it Frysk is in soad belangstelling. Dat seit Wim de Boer. Hy is haad ûnderwiis en taaloerdracht by de Afûk. "Sûnt maaie binne der al mear as sechtich skoallen dy't de metoade Spoar 8 takom skoaljier brûke sille. Dat betsjut dat der aanst mear as fiiftûzen learlingen mei oan 'e slach sille."

Spoar 8 is de digitale opfolger fan de metoade StudioF. Dy metoade wie nei hast acht jier wol oan fernijing ta, seit De Boer. Dêrom hat de Afûk yn 'e mande mei ferskate partners in nije metoade ûntwikkele.

Underwizers wiene dêr fan it begjin ôf by belutsen. "De nije metoade is in ferriking foar it Frysk. It Frysk wurdt hip!" seit ûnderwizeres Els Zijlstra, fan de ûnderbou fan basisskoalle De Librije op De Gordyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)