Hurdfytser Bauke Mollema no fjirde yn Tour de France

Bauke Mollema is tongersdei fan it fiifde nei it fjirde plak gien yn it algemien klassemint fan de Tour de France. Hy kaam op de Mont Ventoux as tsiende oer de finish. It like der earst op dat Mollema it twadde plak pakke soe en dat klassemintslieder Chris Froome syn giele trui op bizarre wize kwytrekke yn de berchrit troch in ûngelok.
Froome botste tsjin in motor op en dêrby rekke syn fyts skansearre. Hy gie dravend fierder, mar ferlear safolle tiid dat er de lieding yn it klassemint kwytrekke. Neffens de regels meist net drave sûnder fyts, mar de organisaasje sil Froome de trui net ôfnimme.
Mollema wie ek belutsen by de botsing. "Het was bizar. Voor ik het wist, gingen we onderuit. Met z'n drieën. Er was geen plek daar. Ik dacht eerder al: als dat maar goed gaat."