FUMO moat op syk nei nije direksje

14 jul 2016 - 17:03

De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) krijt in waarnimmend direkteur út de eigen organisaasje. Dy stap komt nei in evaluaasje fan hoe't de tsjinst de ôfrûne trije jier wurke hat. Ut dy evaluaasje die bliken dat der te bot sjoen is nei jild en produksje en net nei it opbouwen fan in stabile organisaasje.

De direkteur en de adjunkt-direkteur geane fuort. Yn oerlis mei de ûndernimmingsried wurdt sjoen watfoar direksje der foar yn it plak komme moat. Salang as der noch net in nije direksje is, is der in waarnimmer.

De FUMO waard oprjochte yn opdracht fan de Fryske gemeenten, de provinsje en it Wetterskip en sjocht der op ta oft bygelyks bedriuwen har wol oan miljeuregels hâlde. Mar dat rûn allegear net goed, neffens de evaluaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)