Weststellingwerf freget nei ferlet fan fluch ynternet

14 jul 2016 - 16:25

Weststellingwerf wol witte wa't yn de gemeente ferlet hat fan breedbânynternet. Der binne mei elkoar dik twatûzen adressen dy't in trage of hielendal gjin ynternetferbining ha. Om de oanlis sa foardielich mooglik te meitsjen is it belangryk dat safolle mooglik fan dy minsken meidogge. Dêrom docht de gemeente Weststellingwerf in ynventarisaasje.

Alle adressen krije dizze wike in brief mei de fraach oft de minsken dy't der wenje, oanjaan wolle oft se ferlet ha fan rap ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)