UPDATE: Fiif jier sel easke tsjin Frjentsjerter (71)

Tsjin de 71-jierrige man út Frjentsjer dy't fertocht wurdt fan deaslach op syn frou fan 74 is tongersdei fiif jier selstraf easke. Op de rjochtsaak yn Ljouwert fertelde de fertochte dat hy mei har fochten hat, mar dat hy net krekt wit hoe't se om it libben kaam is. De frou waard yn febrewaris dea fûn yn har hûs. Neffens it plysjerapport is se wurge.
De man seit dat er in soad kabaal yn 'e hûs hearde. Doe't er op de boppeferdjipping syn frou trof, woe dy net sizze wat der oan de hân wie. Der ûntstie in fjochtpartij en de fertochte seit dat er syn frou doe mooglik by de kiel grypt hat.
Wat der fierder barde wit er net mear, hy waard ûnder oan de trep wekker. Syn frou wie doe al ferstoarn. De fertochte seit dat syn frou him narre en manipulearre. Fierder seit de man dat sy it geweld útlokke en dat er him net skuldich fielt.