Jannick de Jong wint gersbaanrace Marmande

14 jul 2016 - 14:21

Jannick de Jong fan De Gordyk hat woansdeitejûn yn Frankryk de ynternasjonale gersbaanrace fan Marmande wûn. De Jong gie mei de heechste punten de finalerace yn. Dy race wûn er. It twadde plak wie foar Erik Riss en tredde waard de lokale rider Mathieu Treserrieu. Dirk Fabriek fan Jobbegea hie in mindere dei. Hy wie lieder yn ien fan de races, mar foel troch maleur út. Mei fjouwer punten kaam er net fierder as it fjirtjinde plak.

Sneon is it WK lanneteams, yn it Tsjechyske Marianske Lazne (Mariënbad).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)