Parkearferbod Ooster- en Westerdiepswal Kollum

14 jul 2016 - 12:59

De wâlbeskoeiïngen fan de Ooster- en Westerdiepswal yn Kollum binne der sa min oan ta, dat it neffens de gemeente te gefaarlik is om dêr noch te parkearjen. Dêrom is der fuortendaliks in parkearferbod ynsteld. Moandei wurde der pealtsjes delset, wêrtroch't der hielendal net mear parkearre wurde kin. Dat betsjut dat der minder grûndruk is achter de beskoeiïngsplanken. De kâns dat dy belies jouwe is dan ek minder grut.

Ferfangende parkearromte

De omwenners binne yntusken ynformearre oer de situaasje. Foar de omwenners fan de Ooster- en Westerdiepswal is ferfangende parkearromte oanlein oan de Meckama en de Willem Lodewijkstrjitte.

Ferline jier klagen de bewenners fan de Ooster- en Westerdiepswal al oer it gebrek oan ûnderhâld oan de wâlbeskoeiïng.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)