Strafeask gaseksploazje Drachten: tbs mei twangferpleging

De man dy't derfan fertocht wurdt dat er ferantwurdlik is foar in gaseksploazje yn in flat yn Drachten hat syn strafeask te hearren krigen. It Iepenbier Ministearje easket tbs mei twangferpleging. It IM nimt dêrmei it oardiel oer, dat psychiaters nei ûndersyk oer de man hiene. Sy fine dat hy folslein net-tarekkenber is.
De advokaat fan de fertochte wol tbs mei betingsten. Dit soe letter omset wurde kinne nei tbs mei ferpleging.
Gjin opset
Ein desimber stoarte it appartemintekompleks oan de Nachtegaalstrjitte foar in grut part yn troch de gaseksploazje. Neffens de fertochte wie der gjin sprake fan opset en wie er net fan doel om himsels tekoart te dwaan.
De ûntploffing hat nea it doel west. De fertochte hie toarst en tocht dat der wetter út de gaskraan kaam. De skea oan de flat yn de Nachtegaalstrjitte yn Drachten wurdt troch wenningbouferiening Accolade rûsd op 2,5 miljoen euro. Yntusken hawwe meardere slachtoffers ferklearringen ôflein. De fertochte is dêrfan bot ûnder de yndruk, sei er yn de rjochtseal.