Nije koweslachterij by Dairy Campus Ljouwert

14 jul 2016 - 06:46
  • Slachthûs

Der komt in nije koweslachterij by de Dairy Campus yn Ljouwert. De ynternasjonale fleisprodusint Vion ynvestearret sa'n 15 miljoen euro yn de nije slachterij. Dit bart yn gearwurking mei de Waddenvlees groep. De slachterij sil him talizze op it slachtsjen en ferwurkjen fan allinnich kowefleis. It bedriuw sil nei ferwachting 2.500 kij yn 'e wike ferwurkje en sil wurk biede oan sa'n 100 minsken.

Francis Kint, CEO fan Vion is optein oer de nije slachterij. "Dit projekt is goed nieuws voor alle partijen. We krijgen daarmee een locatie in het centrum van de veehouderij in Noord-Nederlân, met mindere transportafstanden en reistijd als gevolg. Met de nieuwe investering werken we aan kortere ketens met betere transparantie, voedselveiligheid en kwaliteit. Daarmee kunnen we ook verder werken aan duurzame vleesconcepten, zoals weiderundvlees, waddenrundvlees en biologisch rundvlees", sa seit Kint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)