Omrin wol net samar de piip fan de REC ferheegje

Offalferwurker Omrin wol net samar de piip fan de ôffaloven ferheegje. Dat is al de winsk fan de provinsje en ûnder oare de begeliedingsgroep. De kommende tiid wol de provinsje ynventarisearje oft der draachflak foar is foar in hegere piip.
Neffens miljeusaakkundige Johan Vollenbroek fan de begeliedingskommisje is it lykwols needsaaklik. Gefaarlike stoffen wurde oer in grutter gebiet ferspraat en sâltsoer slacht net samar mear del yn de omjouwing fan de oven.
Neffens Omrin-direkteur John Vernooij is der gjin needsaak want de REC foldocht oan alle wetlike easken. Ek docht út tal fan ûndersiken bliken dat de útstjit net gefaarlik is foar de sûnens. Foar it ferheegjen fan de piip moat it bestimmingsplan oanpast wurde. Omwenners ha al oanjûn dat se dan beswier oantekenje.
Abel Arkenbout
Ien fan de minsken belutsen by de begeliedingskommisje Abel Arkenbout, in toksikolooch, stapt út it oerlis mei ôffalferwurker Omrin. Hy fynt dat hy net genôch gegevens kriget oer de temperatuer yn de oven wylst dat al tasein is. Omrin-direkteur John Vernooij seit dat se neat achterhâlde en Arkenbout alles ynsjen mei. In soad fan de oanbefellings fan de toksikolooch binne sels trochfierd.