Elma de Vries wint skeelerjen yn De Westereen

Elma de Vries
Elma de Vries, earder fan De Haule, hat woansdeitejûn de ôffalkoers fan de KNSB baankompetysje yn De Westereen op har namme skreaun. Lisanne Buurman waard twad en Berber Vonk fan Appelskea waard tred.
By de manlju wûn de Portugees Martyn Dias, folge troch syn lângenoat Diogo Marreiros. Luc ter Haar, dy't op It Hearrenfean wennet, einige as tredde.