Oane Galama hellet yn Grypstsjerk earste winst dit seizoen

13 jul 2016 - 21:58
  • Oane Galama

Oane Galama hat woansdeitejûn syn earste oerwinning dit seizoen helle by it fierljeppen. Yn Grypstsjerk sprong er 20.72 meter. By de útsprong rekke er blessearre oan it ankel. Twad waard Nard Brandsma mei 20.20 en tred Sytse Bokma mei 19.22 meter.

By de junioaren wie Bobby Zwaagman fan Drylts de bêste mei 17.77. Hessel Haanstra kaam by de jonges likefier as Wietse Nauta, beide ljepten se 15.86. Haanstra waard úteinlik earste fanwege in bettere twadde sprong (15.59).

By de froulju wûn Marrit van der Wal mei oermacht mei 15.55. By de famkes sprong Bente Vlas in nij persoanlik rekôr fan 14.93 en dêrmei fersloech se Sigrid Bokma.

It Nederlânsk rekôr by de jonges fan 19.24 dat sûnt 2010 (It Heidenskip) op namme fan Age Hulder stiet , is woansdeitejûn yn Hollân ek ljept troch Reinier Overbeek. Hy kaam yn earste ynstânsje twa sintimeter fierder, mar by neimjitting yn Linschoten die bliken dat it presys 19.24 meter wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)