Rykswettersteat ynspektearret beton yn Ofslútdyk

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Ofslútdyk wurdt de kommende jierren sterker makke, om it lân te beskermjen tsjin eventuele oerstreamings. It wurk oan de Ofslútdyk begjint yn 2018. Rykswettersteat begjint tongersdei mei de kontrôle fan it beton fan de slûzen en brêgen fan de Ofslútdyk.
Yn earste ynstânsje wurdt ûnder wetter it beton fan de spuislûzen kontrolearre, dit duorret oant 1 septimber. Dêrnei folgje de ynspeksjes fan de skutslûzen. De kontrôles wurde safolle mooglik nachts dien, sadat it ferkear der sa min mooglik lêst fan hat.