Rjochtsaak eksploazje Drachten tsjinnet tongersdei

14 jul 2016 - 10:02
  • De ravaazje is grut

De rjochtsaak tsjin de man dy't fertocht wurdt fan it feroarsaakjen fan de eksploazje yn Drachten tsjinnet tongersdei. Ein desimber stoarte it appartemintekompleks oan de Nachtegaalstrjitte foar in grut part yn troch de gaseksploazje.

De man wurdt der fan fertocht dat er mei opsetsin de gaskraan yn syn appartemint iepenset hat. Dat die bliken op de earste, pro forma sitting yn de saak. By de eksploazje rekke er swier ferwûne. In soad apparteminten rekken ûnbewenber en binne yntusken sloopt.

Hellen Elzenga wie ien fan de bewenners en tinkt noch alle dagen oan de ûntploffing. Se hat noch hieltyd net in nije permaninte wenning fûn. Doe't de F-16's oerfleagen dy't in knal feroarsaken, tocht se fuort wer oan de eksploazje. "Ik zat te trillen als een rietje", fertelt se. Se giet wol nei de rjochtsaak. "Ik wil weten of hij ons als bewoners wat aan wilde doen." Elzenga hopet dat it helpt om it in plakje te jaan.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer is by de sitting yn de rjochtbank yn Ljouwert en twitteret oer de saak:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)