Fries Museum jout ynsjoch yn terpen yn nije útstalling

De terp fan Hegebeintum © Ron ter Burg / Buiten-Beeld
It Fries Museum hat in útstalling oer terpen. Dizze troch minsken boude wenheuvels jouwe ynsjoch yn de skiednis fan Fryslân. Se beskermen de Friezen jierrenlang tsjin it wetter. De earste terpen binne om it jier 600 foar Kristus boud.
Yn de útstalling is te sjen hoe't de skiednis laach nei laach opsteapele leit. Fan prehistoaryske potten en midsiuwske kralen oant in Romeinske soldateskoech. De útstalling is fan 14 july ôf te sjen yn it Ljouwerter museum.
De tentoanstelling heart ta de fêste opstelling yn it museum en sil foar langere tiid stean bliuwe. De ynfolling wikselet, der wurdt hieltyd in oare terp útljochte. It earste gebiet dat sintraal stiet, is it terpedoarp Dronryp. Dêr binne in soad fynsten dien út de Romeinske tiid. In topstik is it Romeinske goadebyldsje fan de oarlochsgod Mars.