Plysje warskôget en bekeurt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De plysje yn Ljouwert hâldt op it stuit geregeld ferkearskontrôles yn de stêd. Trije motorriders fan it team Ljouwert ride troch de stêd en kontrolearje op allerhande punten. By sa'n kontrôle binne woansdei in hiele rige bekeurings en warskôgings útdield.
Op de Borniastrjitte negearde in fytser in read ljocht, op de Julianastrjitte stutsen ferskillende fytsers gjin hân út by it oerstekken en op de Grienewei ried ien mei in ferkeard kenteken op de oanhingwein.
Ek is kontrolearre op snelheid op de Dammelaan en de Kanaalwei. Op de Dammelaan waard ek noch in bekeuring útdield, omdat in berntsje gjin feilichheidsgordel om hie yn de auto.