Ferkearskontrôle Surhústerfean

28 apr 2012 - 15:33

By in ferkearskontrôle yn Surhústerfean hat de plysje freed 19 boetes útdield. Oan de kontrôle diene 30 plysjes mei. Sy setten 40 auto's en brommers oan de kant. De boetes waarden útskreaun foar ûnder oaren te hurd riden, net handsfree beljen en it net dragen fan de riem of de helm.

In 25-jierrige man waard oppakt omdat er drugs yn 'e auto hie. Ek hie er in stroomstjitwapen en moast er noch in boete betelje fan hast 500 euro. Yn oare auto's fûn de plysje ek wapens, lykas in ploertedeader en in buske pepperspray.

De plysje hie in soad klachten krigen fan bewenners en middenstanners oer asosjaal ferkearsgedrach fan jongeren. Mei de kontrôle wol de plysje wat dwaan oan de oerlêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)