Doanjum hat âlde doarpskearn werom

Yn Doanjum is woansdei de werynrjochting ôfsletten. De strjitten binne oanpast, der binne nije fytspaden en stoepen oanlein. Ek binne 15 âlde wenningen sloopt en dêr binne acht nije huzen foar weromkommen. Bysûnder is dat in oantal doarpsbewenners eigen grûn ruile hawwe om de de werynrjochting mooglik te meitsjen. It doarp hat no de âlde doarpskearn werom.