Bauke Mollema stiet fyfde yn klassemint nei hektyske dei

13 jul 2016 - 18:21

Bauke Mollema wie woansdeitemiddei bliid dat hy oer de finish fan de alfde etappe fan de Tour de France wie. "Dit was een hectisch dagje. Vanaf kilometer nul eigenlijk al", sei de hurdfytser. De dei brocht him wol wer in plakje heger yn it klassemint, hy stiet no fyfde.

Mollema siet hieltyd yn de earste groep, mar wie bliid dat er de dei goed trochkommen is. De flakke etappe fan Carcassonne nei Montpellier waard hektysk troch de hurde wyn. Der wiene in soad falpartijen. De etappe waard wûn troch Peter Sagan.

Mollema sjocht út nei tongersdei nei de swiere rit nei de Mont Ventoux. It waar liket net al te bêst, der is stoarm foarsein. "Normaal gesproken kan het al aardig waaien op die berg en kan het link zijn, en nu helemaal. Maar ik ben een beetje wind als Groninger wel gewend." Bauke Mollema wennet yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)