Faker maleur om't auto's gjin reservetsjil yn de wein ha

13 jul 2016 - 17:59

Mei de fakânsjeperioade foar de doar binne hieltyd mear minsken net taret op in lekke bân. Neffens de ANWB hawwe minsken faker maleur om't se gjin reservetsjil by de hân hawwe. De Wegenwacht hat dizze simmer al 119 tillefoantsjes krigen mei maleur yn it bûtenlân wêrby't der gjin reservetsjil wie. Dat bart faker om't auto's duorsumer en dus lichter wêze moatte. Gjin reservetsjil is dan in besparring. In lichtere auto nimt minder brânstof.

Ek by Fryske bannesaken merke se dat. "We fernimme eins alle dagen dat der minsken delkomme mei in lekke bân en gjin reservetsjil yn de auto hawwe", seit Sander Lap fan Autobanden Centrum Leeuwarden. "De auto moat sa licht mooglik wêze en dus wurdt der besparre op sokke saken. It moat ek mar krekt yn de auto passe", seit Peter Bijstra fan de Euromaster yn Ljouwert. De ANWB advisearret minsken dy't mei in karavan op 'en paad sille twa reservetsjillen mei te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)