Jild foar ferbouwing It Badhûs op De Westereen

13 jul 2016 - 17:49

It Badhûs fan De Westereen hat it jild byelkoar foar in grutte ferbouwing. Se krije 35.000 euro fan it mienskipsfûns en datselde bedrach ek fan de gemeente. Se hoopje ek noch 15.000 euro te krijen út it Oranjefûns.

Yn it gebou út 2014 sitte ûnder oare skoallen. Yn de romte dy't no noch leech stie, komt in poadium, in nije lûdsynstallaasje en in keuken sadat it in mienskipsromte wurdt foar it hiele doarp. De offisjele iepening is pland for it wykein fan 16, 17 en 18 septimber.

It orizjinele gebou fan It Badhûs wie yn 1955 boud as badhûs foar de ynwenners fan De Westereen. Yn dy tiid hie net elk thús in dûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)