Noardlike wetterskippen rjochtsje nij belestingkantoar op

13 jul 2016 - 16:23
  • It gebou fan Wetterskip Fryslan yn Ljouwert, stock, Joris Kalma

De bestjoeren fan de trije noardlike wetterskippen binne akkoart gien mei it oprjochtsjen fan in noardlik belestingkantoar foar it heffen fan lokale belestingen. It giet om de wetterskippen Hunze en Aa’s, Noorderzijlvest en Wetterskip Fryslân.

De belutsen gemeenten, wetterskippen en it Hefpunt sille oan de slach mei de opbou fan de nije organisaasje. Alle belestingmeiwurkers fan Hefpunt en de gemeente Grins kinne mei nei it nije belestingkantoar. De gearwurking smyt in flinke besparring op, fan goed 1,7 miljoen euro op jierbasis.

Ynwenners fan de gemeente Grins krije fan 2018 ôf noch mar ien oanslachbiljet foar alle wetterskips- en gemeentlike belestingen. It nije kantoar biedt op termyn ek de mooglikheid om mear gemeenten yn Noard-Nederlân te fasilitearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)