Berging fan sonken skip yn Iselmar begjint nije wike

13 jul 2016 - 15:57

It binnenfeartskip dat op 5 july foar de kust fan Starum sonk, wurdt nije wike burgen. It skip leit noch hieltyd op 'e grûn fan de Iselmar. De berging wurdt dien troch Hebo Maritiem út Zwartsluis.
It Belgyske binnenfeartskip 'Alsvin' leit op seis kilometer foar Starum. It is sonken trochdat de laadbak iepen stie en it wetter oer it skip hinne sloech.

De skipper en syn frou sieten yn de stjoerhutte, de matroas yn it foarûnder. Sy moasten troch de rêdingsbrigade fan it skip helle wurde. Alle opfarrenden kamen mei de skrik frij.

De berging fan it skip sil neffens Rykswettersteat wol mear as in wike duorje. Earst moat de lading fan it skip, 3.000 ton slakken fan de Hoogovens, út it rom helle wurde en oerslein op in oar frachtskip. As it skip leech is, moat it út it wetter takele wurde mei help fan twa driuwende bokken. Omdat it skip yn de fargeul fan de Iselmar leit, binne der boeien pleatst om oar farferkear te warskôgjen.

Trefwurden: 
Iselmar sonken skip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)