Trije ferwûnen by autoûngelok Beetstersweach

13 jul 2016 - 14:17

Op de Poostwei by Beetstersweach binne woansdeitemiddei in heit, mem en harren poppe ferwûne rekke by in ûngelok. De auto dêr't se yn sieten botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam en kaam dêrnei op de sydkant telâne.

De helptsjinsten rukten manmachtich út om de slachtoffers út de auto te heljen. De traumahelikopter wie oproppen, mar dy ynset wie net nedich. De slachtoffers binne mei twa ambulânses nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Beetstersweach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)