Ried fan kommissarissen moat de eare oan harsels hâlde

13 jul 2016 - 14:02

Wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean ropt de ried fan kommissarissen fan Caparis op om de eare oan harsels te hâlden en op te stappen. Caparis ferlear de rjochtsaak tsjin ien fan de direkteuren Klaas Weissenbach. Earder ferlear Caparis al harren rjochtsaken tsjin direkteur Tjerk Sinnema.

Lid fan de rfk Siem Jansen hat al sein dat hy opstapt. De oare twa leden noch net. Robert Veenstra sei yn in reaksje dat hy it fonnis noch net sjoen hat en lid Hugo van Woerden is net berikber.

Tongersdei komme de oandielhâlders (de wethâlders fan de acht gemeenten) by mekoar. Zoetendal seit dat de seis oare oandielhâlders ek neitinke oer de gefolgen fan dizze útspraak. Dizze gemeenten bleaunen oant no ta achter de ried fan kommissarissen stean.
Hearrenfean en Smellingerlân hiene earder al it fertrouwen opsein yn de rfk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)