Annagreet Miedema nominearre mei ôfstudearproduksje

Annagreet en har freon Klaas © Annagreet Miedema
Annagreet Miedema fan Ferwert is mei har dokumintêre 'Jong al in burn-out' nominearre foar de Zwolse beste. Dat is in priis foar de bêste ôfstudearproduksje fan de oplieding sjoernalistyk fan Windesheim yn Zwolle. De doku is op 19 juny útstjoerd yn Buro de Vries. Annagreet studearret woansdei ôf. Se is mei har doku en webside ien fan de seis nominearden. Yn de dokumintêre fertelt Annagreet oer har eigen burn-out, dy krige se doe't se tweintich jier wie. Der binne hieltyd mear jongeren mei in burn-out.
Se praat dêroer mei psychologen en giet ek op syk nei in oplossing. By de diplomaútrikking wurdt de winner bekend makke. Besjoch hjir de webside fan Annagreet Miedema.