Reinwetter pleaget in protte boeren

13 jul 2016 - 13:11

Bouboeren yn Fryslân hawwe grut ferlet fan in perioade mei drûch waar. It is tige wiet op it lân sa stelt foarsitter Teun de Jong fan it Nederlânske ikkerbou fakbûn. De boeren meitsje harren grutte soargen.

Der driget in probleem foar bouboeren dy't meikoarten har earste ierappels út de grûn helje wolle. Mocht it wiete waar oanhâlde, dan sil it foar har dreech wurde om it lân op te gean. Op dit stuit binne der noch net echt problemen, omdat it wetter nei ferrin fan tiid noch fuortrint. Mar as de rein oanhâld sil dat oars wêze.

Benammen yn de omjouwing fan Frjentsjer soenen de boeren in soad lêst hawwe fan it te wiete waar, dêr is yn koarte tiid al in soad rein fallen. Neffens Piet Paulusma wurdt it de kommende dagen drûger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)