ING earste haadsponsor Kulturele Haadstêd

Kulturele Haadstêd 2018 hat syn earste haadsponsor binnen helle. It giet om de ING, dy't op syn minst in miljoen euro yn it projekt stekt. Dat jild giet ûnder oare nei de Eschertentoanstelling, dy't yn it ramt fan Kulturele Haadstêd hâlden wurde sil yn it Ljouwerter Fries Museum.
De sponsoring troch de bank waard oan it begjin fan woansdeitemiddei bekend makke yn dat museum. Kulturele Haadstêd seit noch dwaande te wêzen mei in twadde haadsponsor. Dêr wurde op dit stuit petearen mei fierd.