Ungelok mei drank op

© ANP XTRA
In 47-jierrige ynwenner fan Drachten is freed oanhâlden foar it feroarsaakjen fan in ûngelok en it riden ûnder ynfloed. De man wie mei syn auto tsjin in lantearnepeal riden op de rotonde Splitting/Berghlaan.
Doe't de plysje op it plak fan it ûngelok oankaam die bliken dat de man ûnder ynfloed wie. Hy is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo foar in ademanalyze. Op it buro kaam oan it ljocht dat de man al trije kear earder oanhâlden wie foar riden mei in slok op.