Liening foar De Stobbepoele yn Elslo

13 jul 2016 - 11:11

Soarchbuorkerij De Stobbepoele yn Elslo krijt in liening fan de provinsje fan hast 150.000 euro. De Stobbepoele wreidet út mei njoggen soarchwenten. Dêrtroch kinne minsken dy't soarch nedich ha tenei beskerme wenje yn De Stobbepoele. De ferbouwing is yn de rin fan kommend jier klear.

De soarchbuorkerij is it tredde projekt dat binnen de finansjele regeling sosjale hier falt. Earder krigen Noordvliet 375 fan Hegie Wonen BV yn Ljouwert en Dekemahiem Jirnsum fan de feriening Doarpskoöperaasje in bydrage út it fûns.

Dat moat wenningbouprojekten yn de sosjale hiersektor stimulearje. It giet benammen om projekten dy't oars dreech oan jild komme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)